Provinsje yn oandielen Vitens

28 apr 2011 - 12:15

De oankeap fan 13% oandielen fan Vitens troch de provinsje leverje banen op by dat bedriuw yn Ljouwert. De provinsje is no de grutste oandielhâlder. De oandielen hawwe in wearde fan sa'n 53 miljoen euro. It jild komt út de opbringst fan de ferkeap fan de NUON-oandielen.

De gemeente Ljouwert hat ek oandielen kocht, dat wie neffens deputearre steaten fan essinsjeel belang foar de transaksje. Yn juny moat provinsjale steaten beslute oer de oankeap.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)