Provinsje yn delgeande spiraal

23 okt 2009 - 16:15
  • It tydlike provinsjehûs oan de Snitsertrekwei

It giet net goed mei it amtlik apparaat by de provinsje. It soe fiif foar tolven wêze en de organisaasje sit yn in delgeande spiraal. Dat en noch mear stiet yn in analyze fan ynterim-direkteur Guodo van den Boorn dy't ûnder it personiel ferspraat is. Dêr is om frege nei in grutte gearkomste yn de steateseal mei de meiwurkers. Van den Boorn liet him dêr negatyf út oer de organisaasje.

Earder dit jier is in reorganisaasje oankundige fan it amtlik apparaat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)