'Provinsje yn bestjoer Vitens'

14 jun 2011 - 09:48

De provinsje moat in sit krije yn de ried fan kommissarissen fan Vitens, as de oankeap fan 13 prosint fan de oandielen fan it wetterliedingbedriuw trochgiet. Dat seit de steatefraksje fan de PVV. Neffens de PVV kin de provinsje mei sa'n sit meiprate oer it belied fan Vitens.

De provinsje wol foar 53 miljoen oan oandielen keapje en wurdt dermei de grutste oandielhâlder yn it bedriuw. De steaten prate hjir woansdei oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)