Provinsje wurdt net koarte

01 okt 2009 - 15:24
  • Provinsje wurdt net koarte

De provinsje wurdt foarearst net koarte troch it Ryk. Dat sei Balkenende op it kongres fan de Nederlânske provinsjes. Der moast 500 miljoen euro besunige wurde. Fryslân soe 25 miljoen euro minder krije. Dat jild moat opbrocht wurde troch te besunigjen op de oanlis fan diken.

Deputearre Galema is bliid mei it stânpunt fan de premier. Balkenende jout mei dit stânpunt oan dat er de provinsjes as in wichtige organisaasje sjocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)