Provinsje wurdt hieltyd klantfreonliker

16 mrt 2016 - 14:44
  • It provinsjehûs yn Ljouwert

De provinsje Fryslân docht it de lêste jierren hieltyd better as it giet om de telefoanyske berikberens, it beäntwurdzjen fan mails en it beteljen fan rekkens. Dat docht bliken út in ekstern klante-ûndersyk. Dêryn skoart Fryslân in 7,6. Yn 2013 wie dat noch in 7,4 en it jier dêrfoar in 7,2.

Yn fergelyk mei oare provinsjes hat Fryslân lanlik sjoen de heechste skoare. Foar it ûndersyk waarden hast 600 klanten en relaasjes fan de provinsje frege om har miening te jaan oer de tsjinstferliening.

It giet dan bygelyks om meiwurkers fan gemeenten, ynwenners, ynstellingen en bedriuwen. Fan dy 600 minsken hat 39% reagearre. Der binne ek punten dêr't de provinsje Fryslân minder goed op skoart: it beäntwurdzjen fan brieven duorret betiden te lang.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)