Provinsje wol tylt fezelhennep

22 jun 2004 - 15:21

Fryslân sil yn Den Haach om jild freegje om de tylt fan fezelhennep yn de provinsje te stimulearjen. Dat is moandei besletten yn Provinsjale Steaten. Fezelhennep is in duorsum gewaaks dêr't grûnstoffen út wûn wurde foar ûnder oaren auto's, isolaasje- materiaal en papier.

De provinsje ferwachtet dat de tylt fan fezelhennep de weromrinnende jirpeltylt yn Fryslân foar in part ferfange kin. Boeren soene wol oerstappe wolle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)