Provinsje wol toerist langer yn Fryslân hâlde

03 nov 2015 - 20:07

De provinsje stekt de kommende jierren 2 miljoen euro yn it ferbetterjen fan it toerisme. Mei dat jild soene net allinnich mear toeristen nei Fryslân komme moatte, mar se soene ek langer bliuwe moatte. Ek moatte se nei mear plakken ta. De provinsje hat mei ûnderwiisynstellings en de toeristyske sektor ôfpraat dat se mear gebrûk meitsjen sille fan inoars kennis.

Hjirfoar wurdt in spesjale Toerisme Alliânsje opset dêr't alle partijen yn fertsjintwurdige binne. Dy moatte mei konkrete plannen komme om de toeristen nei Fryslân ta te heljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)