Provinsje wol spoar beheare

14 nov 2007 - 11:18
  • Yn 2009 kinne je trije kear yn 'e oere mei de trein nei Snits

De provinsje wol yn de takomst mooglik it behear fan lokale spoarlinen oernimme. No hat Prorail dêr noch it monopoly op. Mar dy hat te lang wurk en is te djoer, neffens de provinsje. It ministearje fan ferkear is begûn mei in ûndersyk nei de problemen.

Foar in ekstra tredde trein tusken Snits en Ljouwert wurdt noch wol gearwurke mei Prorail. By Snits-Noard moat dan in dûbel spoar komme. Dat mei net mear as 5,5 miljoen kostje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)