Provinsje wol OV-Chip ynfiere

15 jan 2009 - 15:46

De provinsje wol de OV-Chipkaart fan't simmer al yn alle bussen yn Fryslân brûke. Woansdei waard yn de Twadde Keamer praat oer de ynfiering fan de OV-Chipkaart. Oanlieding wiene de nije problemen mei de kaart yn Rotterdam.

Dêr hawwe goed 220.000 minsken tefolle reisjild betelle omdat se fergetten wiene út te checken mei de kaart. Dochs wol it Ryk de kaart sa gau mooglik ynfiere, noch dit jier moat 3/4 fan alle reizgers dêr gebrûk fan meitsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)