Provinsje wol oardiel Brussel

24 jul 2013 - 20:04
  • In ympresje fan it nije Thialf

De provinsje freget sels in ûndersyk oan by de Europeeske kommisje yn Brussel nei de bydrage fan 50 miljoen euro foar de nijbou fan it iisstadion Thialf op It Hearrenfean. Neffens de juristen fan de provinsje is der gjin sprake fan ferbeane steatsstipe, mar it provinsjebestjoer hopet no dat Brussel dêr alfêst in útspraak oer dwaan wol. Sa soene lange juridyske prosedueres efterôf foarkommen wurde kinne.

Kommissaris Jorritsma ferwachtet binnen in healjier in útspraak en giet der fanút dat dy posityf útpakt foar de provinsje.

De proseduere foar de ferbou fan Thialf giet wilens it Europeeske ûndersyk gewoan troch. Yn novimber moat dúdlik wurde, hokker bedriuw it nije iisstadion bouwe sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)