Provinsje wol Nijpels hâlde

23 jun 2004 - 20:04

Kommissaris Nijpels is foardroegen foar nochris seis jier, mar dan moat er wol de hiele perioade útsitte. Dat hat in betrouwenskommisje besletten en Provinsjale Steaten hawwe dêrmei ynstimd. De betrouwenskommisje bestie út alle fraksjefoarsitters.

Op 1 jannewaris takom jier rint de earste termyn fan Kommissaris fan de Keninginne Nijpels ôf. De minister fan Ynlânske Saken nimt it definitive beslút oer it oanbliuwen fan Nijpels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)