Provinsje wol mûzeskeaboeren jild liene

13 feb 2015 - 12:21
  • Mûzeskea

De provinsje Fryslân stelt jild beskikber foar boeren dy oantoane kinne dat se skea troch mûzen hawwe en dy't gjin jild mear fan de bank krije kinne. Sy kinne terjochte by de provinsje, seit deputearre Johannes Kramer.

It probleem is, dat noch net dúdlik is hoe grut oft de skea is. Deputearre Kramer tinkt dat it om in bedrach fan 80 miljoen giet. Brussel en provinsjale steaten moatte noch wol akkoart gean mei de plannen fan deputearre Kramer.

Der binne twa mooglikheden: De boeren krije in liening fan maksimaal 75.000 euro tsjin in lege rinte of sels rintefrij, of se krije in liening fan maksimaal 80% fan de skea tsjin 3,5% rinte oer in perioade fan 25 jier. Wat it wurdt, moat foar de simmer bekend wêze. Dy earste fariant kin sûnder tastimming fan Brussel trochgean, oer de twadde liening (80% oer 25 jier) moat Brussel noch gear. Deputearre Kramer hat it leafste dat de lêste fariant trochgiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)