Provinsje wol jild sjen

24 apr 2008 - 23:10

Fryske gemeenten moatte mooglik mear meibetelje oan projekten dy't mei jild út de Suderseespoarpot betelle wurde. Op it stuit steane se foar 73 miljoen euro yn de boeken, mar de provinsje wol dat bedrach eins heger ha.

Net meibetelje oan de grutte plannen foar bygelyks it ferbetterjen fan de diken en nij oan te lizzen spoar is gjin opsje. As gemeenten net mear betelje wolle, wurdt mooglik skrast yn projekten yn dyselde gemeenten, warskôget deputearre Adema.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)