Provinsje wol foech oer wetter

04 feb 2011 - 10:36

De provinsje wol de grutste oandielhâlder fan wetterbedriuw Vitens wurde. Mei de gemeente Ljouwert wolle se 13 persint fan de oandielen keapje. It giet om in bedrach fan 65 miljoen euro. Dat moat opbrocht wurde út de ferkeap fan de Nuonoandielen dy't 1,2 miljard euro opbrochten. De provinsje wol de oandielen it leafst mei de gemeente Ljouwert keapje, Alle húshâldens yn Fryslân hawwe mei wetter te krijen. Dêrom wol de provinsje it foech yn hannen krije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)