Provinsje wint web-award

30 jan 2002 - 00:00

De provinsje Fryslân hat de bêste oerheidswebside fan 2001. Kommissaris Nijpels krige woansdei de Webwijzer Award fan minister Van Boxtel. De priis gong nei Fryslân om't de kwaliteit fan de side goed is. De sjuery wie fierder te sprekken oer it feit dat de provinsje de risikokaart op ynternet pleatst hat.

De priis foar de meast fernijende webside gong nei in wethâlder fan Tilburg.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)