Provinsje wiist WOB-fersyk ôf

22 des 2000 - 12:36

De provinsje Fryslân wiist it berop dat Omrop Fryslân dien hat op de WOB (Wet Openbaarheid van Bestuur) ôf. De Omrop hie de provinsje frege om de briefwiksel mei Europa oer de subsydzjes oan SCI.

Steateleden meie dy brieven wol ynsjen, sjoernalisten net. De provinsje beropt him op Europeeske geheimhâldingsregels. SCI hat neffens de Europeeske Uny mooglik te folle subsydzje opstrutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)