Provinsje wiis mei útstel KNSB

25 maaie 2013 - 19:45
  • Thialf, It Hearrenfean

De provinsje Fryslân reagearret tefreden op it beslút fan it KNSB-bestjoer om de kar foar de nije topsportlokaasje út te stellen oant 8 augustus. De KNSB wol de yntsjinne plannen foar nije iisbanen op It Hearrenfean, Almere en Zoetermeer kritysk trochrekkenje litte troch ûnôfhinklike akkountants.

Kommissaris fan de Kening John Jorritsma giet der fan út dat Thialf yn it foardiel is by dizze oanpaste proseduere. Jorritsma en deputearre Hans Konst joegen yn Thialf in reaksje op it beslút fan it KNSB-bestjoer.

Ek Thialf-direkteur Derks en boargemaster Van der Zwan fan Hearrenfean wiene oanwêzich op dizze byienkomst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)