Provinsje warskôget Qbuzz

25 mrt 2009 - 09:21
  • Qbuzz is dwaande mei de ov-chipkaart

De provinsje hat Qbuzz in pear wiken lyn warskôge, dat as de busferfierder net op tiid mei de ov-chipkaart begjinne kin, der in boeteproseduere opstart wurde kin.

Qbuzz hat oanjûn op streek te wêzen mei de prosedueres foar de ov-chipkaart dy't lanlik fan 't simmer ynfierd wurdt. As it de ferfierder dochs net slagget alles op tiid foar elkoar te krijen, kin de boete oprinne oant fjouwer ton.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)