Provinsje wachtet op Omrin

08 mrt 2010 - 17:41

De provinsje hat Omrin ferline wike in brief stjoerd oer in mooglike boustop fan de ôffaloven yn Harns. Deryn stiet dat Omrin binnen twa moannen mei in nije oanfraach foar in miljeufergunning komme moat. Dogge se dat net, dan moatte se ophâlde mei de bou. De provinsje hat noch hieltyd gjin nije oanfraach fan Omrin binnen.

De ferwachting is dat it ôffalferwurkingsbedriuw op koarte termyn mei in nij fersyk foar in miljeufergunning komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)