Provinsje út op oandiel Vitens

29 sep 2010 - 20:23

As de oandielen fan Vitens yn desimber genôch opsmite dan hat de provinsje Fryslân ynteresse om foar tsientallen miljoenen te ynvestearjen yn it wetterbedriuw. Dat sei deputearre Sjoerd Galema woansdei by de iepening fan it nije drinkwetterbedriuw yn Spannenburch.

Yn desimber wurdt nammentlik it dividindbelied fan Vitens fêststeld en is it rendemint fan de oandielen ek dúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)