Provinsje is tsjin lânsdielen

04 feb 2013 - 14:23

De provinsje Fryslân bliuwt tsjin it gearfoegjen fan provinsjes ta lânsdielen. It kabinet hat plannen foar fiif lânsdielen yn it regearakkoart oankundige. Fryslân sil him dêr op alle mooglike wizen tsjin fersette, sa lit de provinsje witte. De Fryske boargers wurde optimaal betsjinne mei in provinsjaal bestjoer op Fryske skaal, sa skriuwt de provinsje.

Minister Plasterk fan ynlânske saken moat earst mar ris in brede ynhâldlike fyzje op it iepenbier bestjoer ûntwikkelje. Oant dy tiid moat Fryslân selsstannich bliuwe, fynt de provinsje.

Plasterk hat sels wite litten dat er mei faasje mei de lânsdielen oan de slach wol. Hy wol begjinne mei it gearfoegjen fan Flevolân, Utert en Noard-Hollân ta ien Rânestêdprovinsje. Yn in folgjende faze soene Fryslân, Grinslân en Drinte opgean moatte yn ien noardlik lânsdiel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)