Provinsje stipet wettersuvering

17 mrt 2005 - 06:34

De Fryske Wateralliantie hat in projekt betocht om ôffalwetter yn Bosnië te suverjen. De Wateralliantie is in netwurkorganisaasje dêr't bedriuwslibben en oerheid yn gearwurkje. Der wurdt no in wettersuveringsynstallaasje ûntwikkele. Dy giet nei Bosnië om wetter te suverjen.

It skjinne wetter wurdt dan brûkt foar waskjen, irrigaasje en swimwetter. De provinsje betellet 50.000 euro mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)