Provinsje stipet stakers Atoglas

02 mrt 2005 - 10:00

De stakende wurknimmers fan it keunststoffabryk Atoglas yn Ljouwert krije stipe fan de provinsje. Tiisdei wie der in delegaasje wurknimmers op it provinsjehûs. Deputearre Mulder sei harren de stipe fan de provinsje ta.

De staking by Atoglas duorret no al seis dagen. Mar memmebedriuw Totalfina bliuwt by it beslút de fabryk te sluten. Dizze wike krije de meiwurkers noch steunbetsjûgings fan kollega's by oare fabriken fan it konsern.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)