Provinsje stipet rêding Thialf

24 sep 2003 - 00:00

De provinsje wol goed 600.000 euro útlûke foar it rêdingsplan foar iisstadion Thialf op It Hearrenfean. De provinsje hat ek it gearwurkingsferbân Noard-Nederlân om sa'n 700.000 euro subsydzje frege. Dat hat deputearre Bijman woansdei bekend makke.

It beslút fan Deputearre Steaten bringt de útfiering fan it rêdingsplan hieltyd tichterby. Provinsjale Steaten moat noch wol akkoart gean mei it foarstel. Bijman ferwachtet dat wol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)