Provinsje stipet presisy-lânbou

25 maaie 2006 - 13:33

De provinsje stipet de saneamde presisy-lânbou yn it Noardwesten fan de provinsje mei jild. Sân boeren, twa leanwurkers en in hannelsbedriuw ha in nije wize fan wurkjen ûntwikkele.

Se ynvestearje yn mienskiplik materieel en stribje in gerjochtere wurkwize nei. Dêrby moat tocht wurde oan inkeld op bepaalde plakken dongje en de grûn bewurkje. De provinsje jout goed 57.000 euro yn it ramt fan Plattelânsprojekten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)