Provinsje stipet ombouwing Bornego College

15 des 2015 - 18:19

De provinsje Fryslân stekt goed 43.000 euro yn it ombouwen fan in part fan it Bornego College yn Wolvegea. De âlde skoalgebouwen wurde bewenber makke, sadat statushâlders dêr te plak kinne.

Op it stuit is der te min wenromte foar minsken dy't in ferbliuwsfergunning krije. Om dat tekoart op te fangen wurdt yn meardere Fryske gemeenten sjoen nei de mooglikheden fan it ombouwen fan kantoar- en skoalgebouwen.

745.000 euro

De provinsje hat dêr yn totaal 745.000 euro foar klear lizzen. It projekt yn Wolvegea is it earste dat der gebrûk fan makket.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)