Provinsje stipet nij baneplan

18 jun 2003 - 00:00

De provinsje stelt de kommende fjouwer jier 4,5 miljoen euro beskikber foar in nij baneplan. It moat de opfolger wurde fan it '2000-baneplan'.

De stipe is ornearre foar bedriuwen dy't banen oanbiede oan minsken dy't al wat langer wurkleas binne. Dêrby kin tocht wurde oan âlderein, minsken mei in handikap en wurknimmers dy't langer as ien jier wurkleas binne. It CWI, it Centrum voor Werk -en Inkomen, moat it nije plan útfiere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)