Provinsje sterk op twitter

16 okt 2012 - 16:31
  • Provinsjehûs Ljouwert

Mar trije provinsjes binne better as Fryslân yn it brûken fan it medium 'twitter'. Grinslân is dêrby de koprinner, folge troch Gelderlân en Flevolân. Fryslân stiet mei it twitteraccount @provfryslan (ad provfryslan) fjirde.

Advysburo Stradas hat it twittergedrach fan de provinsjes by de mjitlatte lâns holden. Der wurdt sjoen nei it tal folgers dat in account hat, hoefolle minsken jo sels folgje, hoe faak jo tweets ferstjoere en oft jo ek petearen op twitter oangeane mei folgers.

@provfryslan hat op 't stuit 1253 tweets ferstjoerd, hat 3634 folgers en folget sels 55 minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)