Provinsje stelt tongblierfûns yn

07 nov 2001 - 00:00

De provinsje docht 14 miljoen gûne yn in eigen tongblierfûns. Fryslân is dêrmei de iennige provinsje dy't mei sa'n eigen needfûns komt.

It jild kin op twa wizen ferparte wurde. Dat kin foar net-boerebedriuwen fia in saneamde 'minimus-regeling'. Foar skea fan agraryske bedriuwen dy't net dutsen is komt in aparte regeling dêr't ek Brussel mei ynstimme moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)