Provinsje stelt MKZ-stipepunt yn

26 jul 2001 - 00:00

Mei yngong fan 30 july iepenet de provinsje op advys fan de Task Force in tonglier-stipepunt. Undernimmers kinne dêr mei fragen telâne dy't geane oer regelingen oangeande de tongblierkrisis.

It stipepunt krijt in plak yn it gemeentehûs fan Dongeradiel. Per oktober ferhuzet it stipepunt nei Eanjum, dêr't de húsfesting fan Plattelânsprojekten komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)