Provinsje stelt boeren teloar

10 sep 2010 - 10:49
  • Boer Hedzer de Hoop wachtet op de provinsje
  • De pleats fan De Hoop

Boeren yn de omkriten fan Hurdegaryp binne teloarsteld yn de provinsje. Dy wol takom jier begjinne mei de oanlis fan de Sintrale As, de fjouwerbaansdyk tusken Dokkum en Nyegea, mar de boeren ha noch hieltyd net heard hoe't it komt mei har lân.

De dyk rint aanst dwers troch har lân en de boeren hawwe dus rjocht op kompensaasje, mar fan de kant fan de provinsje bliuwt it stil. De boeren ha meardere kearen kontakt socht mei de provinsje mar dy lit neat hearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)