Provinsje stekt miljoenen yn flugger ynternet yn doarpen

03 feb 2016 - 20:33

De provinsje start dizze moanne mei in breedbânfûns om fluch ynternet oan te lizzen yn Fryske doarpen. Yn dit fûns stekt de provinsje 60 miljoen euro foar lokale inisjativen. De earste oanfragen lizze al klear. Fanút doarpen yn Eaststellingwerf en Littenseradiel binne al plannen foar flugger ynternet.

Dy inisjatyfnimmers hienen de ideeën ek al ris yntsjinne doe't it breedbânfûns noch net bestie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)