Provinsje stekt jild yn tolve Fryske tsjerken

11 des 2014 - 10:38

Tolve tsjerken yn Fryslân krije jild fan de provinsje. It giet om in bedrach fan hast 7 ton. Foar it earst jout de provinsje dit jier subsydzje oan tsjerkegebouwen dy't gjin ryksmonumint binne, mar wol karakteristike bouwurken binne.

It jild kin brûkt wurde foar it oanpassen fan de gebouwen foar oar gebrûk. Der is dan in bettere eksploitaasje fan it gebou mooglik. Sa kin ynvestearre wurde yn in wc, garderôbe, keukentsje, isolaasje en ferwaarming. De wurksumheden sille allegear takom jier plakfine. Dit smyt dan ek wurkgelegenheid op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)