Provinsje slingeret jagers op de bon

31 des 2015 - 14:24
  • Jager

De provinsje hat yn desimber in tal bekeurings útdield foar oertredings fan de Floara- en Faunawet. It gie yn Laaksum om it sjitten fan beskerme bisten, lykas bysûndere dowen en yn Mildaam om it sjitten fan einen op plakken dêr't de jagers gjin rjochten hiene.

Yn Bakkefean waard in jager bekeurd dy't ferbeane leadhagelpatroanen by him hie en yn Hoarnstersweach waard in jager betrape op it jeien op krakeinen, dêr mei nammentlik net op jage wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)