Provinsje skuld oan Cartesius

05 jan 2011 - 17:22

It Cartesiusynstitút yn Ljouwert is mislearre om't opdrachtjouwers te ûndúdlik wiene oer de rol fan it ynstitút. Dat stelle de measte fraksjes yn provinsjale steaten.

De provinsje wie ien fan dy opdrachtjouwers en hie goeie taakstellings oan it kennissintrum foar duorsumens stelle moatten. No barde dat net en wist it Cartesiusynstitút it úteinlik mei troch de minne ekonomyske sitewaasje net te rêden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)