Provinsje skerpet de regels foar de guozzejacht oan

26 jun 2015 - 15:33
  • Guozzen

De provinsje hat de regels foar it jeien op guozzen yn de winter oanskerpe. Op guozzen dy't heger fleane as 35 meter mei tenei net mear sketten wurde. De jagers hiene sels om de oanpassings frege, omdat se de hjoeddeistige regels net dúdlik fine. Se koene de tekst neffens eigen sizzen op twa wizen lêze. De provinsje hat hjir mei in nije tekst in ein oan makke.

Op guozzen dy't leger as 35 meter fleane en dy't dêrmei in gefaar wêze kinne foar it gerslân, mei oerdeis wol sketten wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)