"Provinsje sjit tekoart yn ûnderhâld diken"

13 apr 2015 - 12:33

De provinsje is it net hielendal iens mei de krityk fan de Noardlike Rekkenkeamer oer it ûnderhâld fan Fryske diken, brêgen en slûzen. Neffens de Rekkenkeamer binne der grutte problemen mei it ûnderhâld, foaral trochdat der te min jild foar frijmakke is tusken 2007 en 2013. Mar de administraasje is ek net op oarder.

De provinsje is it dêr mei iens. Mar neffens ferantwurdlik deputearre Poepjes stekt de provinsje de lêste jierren wol mear jild yn it ûnderhâld. Dêr is no jierliks tsien miljoen euro ekstra foar beskikber.

It rapport fan de Rekkenkeamer wurdt moandeitejûn offisjeel oanbean oan provinsjale steaten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)