Provinsje siket talinten

22 apr 2009 - 07:39
  • De provinsje siket ek kontakt mei talint op YouTube

De provinsje siket jonge talinten. Amtners sille dêrom tongersdei speeddate mei jongerein. Op de karriêredei yn Ljouwert wol de provinsje fan de jongeren hearre wat se belangryk fine by harren kar foar in staazjeplak as takomstige wurkjouwer.

Ek binne der iq-testen. De provinsje ferwachtet sa'n 50 HBO-studinten. Foar harren hat de provinsje in oanbod mei in grut ferskaat en in grut tal staazjeplakken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)