Provinsje: rezjy weryndieling

05 sep 2007 - 11:16

De provinsje wol de rezjy wol fiere oer de gemeentlike weryndieling, as de gemeenten dat freegje. Dat sei deputearre Galema tiisdeitejûn op in diskusjejûn fan de Fryske gemeenten. Dy binne it allegear net iens oer de bestjoerskrêft fan de gemeenten, mar fine it wol moai dat de provinsje dy rezjyrol op him nimme wol.

De provinsje hat neffens Galema wol in fizy op de weryndieling, mar dy woe er noch net hearre litte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)