Provinsje: prate oer gemaal

11 mrt 2009 - 14:16
  • Deputearre Tineke Schokker wol prate mei Verburg oer it nije gemaal

De provinsje wol sa gau mooglik in petear mei minister Verburg fan LNV oer de finansiering fan it nije gemaal by de Lauwersmar. Verburg wol dat Fryslân en Grinslân meibetelje oan de komst fan dat gemaal. Deputearre Schokker is it dêr net mei iens. Se sprekt lykwols tsjin dat it nije gemaal troch de provinsjale wegering om mei te beteljen gefaar oprint.

Dykgraaf Van Erkelens sei dat tsjin Omrop Fryslân. It nije gemaal kostet 150 miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)