Provinsje: prate mei skoallen

09 mrt 2011 - 13:54
  • Mr. Rein Jan Hoekstra

De provinsje Fryslân sil oerlizze mei it ûnderwiisfjild oer it advys fan de kommisje Hoekstra om it 'foech Frysk' oer te dragen fan ryk oan provinsje. Deputearre Jannewietske de Vries sei dit woansdei by it steatedebat oer it rapport Hoekstra, dat ferline wike presintearre waard yn Den Haach.

De ûnderwiiskoepels wiene doe kritysk oer it oerdragen fan it foech Frysk. De Vries wol it it ûnderwiisfjild belûke by it ynfieren fan it advys Hoekstra en sa foar draachflak soargje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)