Provinsje posityf oer fiskplan

27 feb 2012 - 15:55

De provinsje is posityf oer de plannen foar in fiskmigraasjerivier yn de Ofslútdyk. Mar de hege kosten kinne in probleem wêze, seit deputearre Schokker. Sy wol it earst better besjen. Yn de keunstmjittige rivier fan inkele kilometer lang kin fisk frij maklik fan de Iselmar nei de Waadsee swimme en werom.

It plan is betocht troch ûnder oare de Waadferiening en Sportfiskerij Nederlân. De kosten fan it projekt wurde rûsd op tusken de 50 en 60 miljoen euro. Dat jild soe ûnder oare komme moatte út it Waadfûns, mar ek fan de provinsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)