Provinsje: obligaasjes feilich

16 aug 2011 - 12:32

De provinsje makket him gjin grutte soargen oer it jild dat útstiet yn Spanje en Frankryk. Ut ûndersyk fan televyzjestjoerder RTLZ docht bliken dat Fryslân foar in miljoen oan steatsobligaasjes yn Spanje hat en foar hast 19 miljoen yn Frankryk.

Spanje heart yntusken al by de Europeeske lannen dêr't it finansjeel min giet. De kâns is grut dat Frankryk dêr meikoarten oan taheakke wurdt. De provinsje giet derfan út dat it grutste diel fan it jild weromkomt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)