Provinsje nimt jong talint oan

03 sep 2012 - 10:50

Njoggen jonge talinten hawwe moandei harren earste wurkdei by de Provinsje Fryslân. Sy wurde trainees neamd en binne oannaam om't in tredde part fan de provinsje-amtners âlder is as 55 jier. Sy gean de kommende tsien jier mei pensjoen en nimme in soad kennis, ûnderfining en netwurken mei. Om foar goede opfolgers te soargjen wurde no al jonge minsken oannaam.

De trainees krije de kommende twa jier in trainingsprogramma. Se sille oan it wurk yn ferskate funksjes, as jurist, ûndersiker en projektlieder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)