Provinsje nimt beslút oer lokaasje wynmûnen

17 des 2014 - 10:30

Provinsjale Steaten moatte woansdei in beslút nimme oer de lokaasje foar de wynmûnen. Komt der in grut park yn de Iselmar, komme se lâns de Ofslútdyk of dochs gewoan op lân. De wynmûnen moatte mei elkoar 530 megawatt opwekke. Dat is ôfpraat mei it Ryk.

Dochs binne de partijen bot ferdield oer de lokaasje. Ek sitte se mei in oar punt: yn maart binne provinsjale ferkiezings en net ien wol dêr op it wynmûnedebat ôfrekkene wurde. Mar as PS der woansdei net útkomt, dan nimt Den Haach in beslút en is de provinsje de rezjy hielendal kwyt.

Ferslachjouwer Andries Bakker docht ferslach op Twitter:

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)