Provinsje: needwet foksejacht

04 des 2013 - 21:58

Der moat in needwet komme om de jacht op foksen mei help fan in ljochtbak dochs mooglik te meitsjen. Dat seit deputearre Kramer yn reaksje op de útspraak fan de Ried fan Steat. Dy kaam woansdei op basis fan in BeNeLux-wet ta de konklúzje dat dizze jacht ferbean is.

Neffens Kramer is it ferbod in ramp foar de natoer. De jacht op de foks is needsaaklik, sa seit Kramer, om benammen de greidefûgels te beskermjen. En dus moat neffens him no it regear yn aksje komme. Hy is fan doel dêroer in brânbrief nei Den Haach te stjoeren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)