Provinsje moat sunich oan

07 apr 2010 - 10:51

Der komme 'meagere' jierren oan foar de provinsje. Dat sei deputearre Galema by de jierrekken oer 2009. De provinsje sil yn de kommende perioade minder projekten útfiere. It Ryk stoart 22 miljoen euro minder yn it fûns fan de provinsje.

Om de mindere tiden op te fangen, hat de provinsje ferline jier hast 15 miljoen euro oerhâlden. Deputearre Galema tinkt dat de provinsje ek mei minder personiel ta moat. Foar projekten wurde tydlik minsken ynhierd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)