'Provinsje moat mear taken ha'

19 apr 2010 - 20:27

De provinsje Fryslân moat der bliuwe en taken oernimme fan it Ryk. It wetterskip moat opheft wurde. Dat wurk kin ek wol troch de provinsje dien wurde. Dat is de fisy fan de FNP op de bestjoerlike takomst fan Fryslân.

Woansdei fiere de steaten de saneamde takediskusje. It giet dan oer de rol fan de provinsje yn de takomst. Neffens fraksjefoarsitter Johannes Kramer fan de FNP kin der mei syn plannen in soad jild besparre wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)