Provinsje moat Hallum helpe

07 nov 2012 - 12:02
  • Van der Meulen

De provinsje moat yn aksje komme om de útwreidingsproblemen fan fiif bedriuwen yn Hallum op te lossen. Dat fynt in mearderheid yn provinsjale steaten. PvdA, CDA, FNP, PVV en ChristenUnie wolle dat de provinsje kontakt opnimt mei de gemeente Ferwerderadiel. Mooglik dat de provinsje dan meibetellet oan in oplossing.

De bakkerijbedriuwen Hellema, Helwa en Van der Meulen, metaalbedriuw Oreel en transportbedriuw De Vries ha gjin útwreidingsmooglikheden yn it doarp.

Ferwerderadiel hat net genôch jild om dat op te lossen, wylst de bedriuwen hiel belangryk binne foar wurkgelegenheid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)