'Provinsje moat fierder sjen'

25 feb 2011 - 16:34
  • Jos Paques (foto: Omrop Fryslân)

De provinsjes binne net oerstallich, mar de provinsje Fryslân moat wol mear oer de grinzen hinne sjen. Dat is nedich om de ekonomy te befoarderjen. Dy útspraak komt fan direkteur Jos Paques fan famyljebedriuw Paques yn Balk.

Paques is in high-tech bedriuw mei 350 wurknimmers. Se meitsje mear as fyftich jier ynstallaasjes om wetter te suverjen. Bedriuwen út de yndustry binne de grutste ôfnimmers. Der binne festigings yn Sina en Brazilië.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)